Fan kennismeitsjen nei live

Meidwaan mei Gem kin yn fjouwer stappen.

Jo krije Gem daliks folslein: alle ynhâld, funksjonaliteiten en techniek dy't de gemeenten de ôfrûne jierren ûntwikkele hawwe. Plus in buddygemeente dy't jo op wei helpt. En jo steane der nea allinne foar.

De rûte yn ien eachopslach

Gemiddeld 4–6 wiken

  1. Stap 1 Kennismeitsje
  2. Stap 2 Gem útprobearje
  3. Stap 3 Meidwaan
  4. Stap 4 Live gean
  5. En dan Taart

Kennismeitsje

Sjoch, harkje en stel al jo fragen.

Wy litte jo sjen hoe't Gem yn de praktyk wurket, tapast op jo gemeente. Jo hearre de ûnderfiningen fan kollega's dy't al mei Gem wurkje en ûntdekke hokker mearwearde gearwurkjen as mienskip foar jo hat.

Wat bart der by in kennismakking?

Jo binne al begûn troch dizze webside te besykjen. Wy fertelle en litte jo graach folle mear sjen oer ús ûnderfiningen en ekspertize mei de firtuele assistint. Kosteloas en belangeleas: wy binne gemeente-kollega's foar gemeente-kollega's.

Dêrnei sprekke wy in presintaasje ôf. In kollega fan in al dielnimmende gemeente jout dy oan jo en jo relevante kollega's, sadat elkenien dy't deroer meitinkt alles freegje kin wat hy of sy witte wol.

Probearje Gem út

Tegearre meitsje wy Gem klear foar jo gemeente.

Wy hawwe al in protte ûnderfining mei alle ynhâldlike en technyske fraachstukken. Wy helpe jo om alles yn oarder te meitsjen, sadat jo Gem 2.0 gau en frijbliuwend útprobearje kinne. Jo krije in testomjouwing mei antwurden út namme fan jo gemeente.

Wat bart der tidens de onboarding?
  • Wy diele relevante dokumintaasje, lykas de DPIA en de ferwurkersoerienkomst. Dy lêste litte jo tekenje troch de tekenbefoegde kollega en troch de hosting-partij.
  • Kollega's dy't mei Gem wurkje sille, meitsje akkounts oan foar de systemen en platfoarms foar it behear fan de assistint en foar de gearwurking.
  • De koade fan de widget wurdt tafoege oan jo gemeentewebside. De look-and-feel bepale jo foar in part sels.
  • Wy rjochtsje de 'efterkant' fan de assistint foar jo gemeente yn. Dêrnei folje jo sels de lokale ynformaasje oan.
  • Jo starte in koarte testperioade mei de widget en eventueel de keppeling mei it livechat-platfoarm dat jo gemeente brûkt.
  • By de ymplemintaasje yn jo lokale wurkproses wurde jo út de mienskip stipe troch in buddygemeente.
  • Jo kinne der foar kieze in ymplemintaasjemanager yn te hieren dy't dit proses begeliedt. Kontakten dêrfoar rinne fia oare gemeenten.

Doch mei oan de gearwurking

Jo hoege it tsjil net opnij út te finen.

In protte gemeenten gongen jo foar en diele graach harren oanpak en memo's foar de ynterne beslútfoarming. Kies oft jo livechat brûke wolle mei Gem, oft jo jo ôfsprakesysteem oan Gem keppelje wolle en hoe't it 100% tagonklike chatfinster derút sjocht foar jo gemeente.

Wat wurdt der krekt tekene?

De tekenbefoegde kollega fan jo gemeente tekenet mei in addendum yn op dielname oan de gearwurking mei de Gem-gemeenten. Dat addendum wurdt ek tekene troch de VNG, út har rol as stiper fan de gearwurking. Dêrmei nimt jo gemeente offisjeel diel oan de Gem-mienskip.

Jo krije Gem daliks folslein: alle ynhâld, funksjonaliteiten en techniek dy't de gemeenten de ôfrûne jierren ûntwikkele hawwe, binne fuortendaliks foar jo gemeente beskikber.

Gean live

Gem stiet klear foar jo ynwenners.

Jo kieze sels it momint fan livegong. Dêrnei bliuwe jo ûnderdiel fan de mienskip. Jo ûntwikkelje Gem tegearre fierder. Mar dat net allinne: jo wikselje kennis en ûnderfiningen út mei kollega's fan oare gemeenten. De feedback út Gem helpt jo en jo kollega's om jo klantkontakt en jo webside te optimalisearjen. En it is ek noch ûntsettend gesellich.

Gemeenten binne gemiddeld binnen 4 oant 6 wiken live

Ûntfang in taart!

Is Gem live yn jo gemeente? Dan is dat reden om it tegearre te fieren.

Jimme regelje de oansluting. Wy regelje de taart.