Digitale tagonklikheid stiet by Gem foarop
De oerheid wol dat elkenien meidwaan kin yn de digitale maatskippij. Dêrom moatte websides en mobile apps fan oerheidsynstânsjes tagonklik wêze foar elkenien — ek foar minsken mei in fisuele, auditive, motoaryske of kognitive beheining. Dat is al jierren in wetlike ferplichting. Mar yn de praktyk giet dat noch net oeral goed, en dêrmei wurde ynwenners spitigernôch tekoartdien.
Foar in firtuele assistint jildt dat krekt sa goed. Ek in chatbot moat digitaal tagonklik wêze. In petear mei de gemeente mei net ôfhinge fan oftst de mûs brûke kinst, oftst goed sjochst, of oftst de tekst foarlêze litte kinst. Dêrom hawwe wy tagonklikheid by Gem net efterôf oanplakt, mar fanôf it begjin ta útgongspunt makke.
"Foar ús testers is digitale tagonklikheid gjin bonus, mar in betingst om selsstannich gebrûk meitsje te kinnen fan digitale tsjinsten."